It heksersholIt Hekserhol, in novelle fan Joast Hiddes Halbertsma (1789 1869), is ien fan de hichtepunten t de Fryske literatuer fan de 19e iuw. Ek yn de Nederlnske literatuer t dy tiid is der net folle dat dizze novelle belykje kin. It ferhaal beskriuwt de op en ndergong fan Gosse Knop, in skarln dyt in kontrakt slt mei de duvel. Nei de ynhld slt it boek oan by de romantyske tradysje (byleauwe, toverkeunsten, duvels en heksen) mar de styl fan fertellen is modern:
Shopping security
Each payment you make on thelockerguy is secured with strict SSL encryption and PCI DSS data protection protocols
product description
Why choose thelockerguy wholesale?
It Hekserhol, in novelle fan Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), is ien fan de hichtepunten út de Fryske literatuer fan de 19e iuw. Ek yn de Nederlânske literatuer út dy tiid is der net folle dat dizze novelle belykje kin. It ferhaal beskriuwt de op- en ûndergong fan Gosse Knop, in skarlún dy’t in kontrakt slút mei de duvel. Nei de ynhâld slút it boek oan by de romantyske tradysje (byleauwe, toverkeunsten, duvels en heksen) mar de styl fan fertellen is ‘modern’: saaklik, spotsk en ûnmeilydsum. Halbertsma syn proaza is kearneftich en sober, bytiden útskaaiend nei it obsene, de ‘nocht oan ûnnocht’ sa’t Halbertsma it sels neamde: it laitsjen om it ûnbehoarlike of lugubere.
“Hja tilden de deakiste op in strontwein en setten de húsketonne fan master, dy’t lege wurde moast, derneist en sa rieden se mei baarnende lantearnen nei it grêf ta. Dêr kommende lieten se de kiste ûndersteboppen yn it grêf tommelje, sadat muoike Wypk mei de noas nei ûnderen en it gat yn ’e hichte telâne kaam.”
It ferhaal is redigearre en tagonklik makke foar in breed publyk troch skriuwer Sjoerd Bottema.